Ambulânsemotoaren yn gebrûk

20 apr 2012 - 20:21

Fan sneon ôf ride op proef twa ambulânsemotoaren yn Fryslân. Se binne foarsjoen fan earste helpmateriaal. Motoaren kinne minuten earder by de pasjint wêze as in sike-auto. Se binne beskikber foar de hiele provinsje, mar sille it meast ynset wurde yn Ljouwert en omjouwing.

De proef duorret in healjier. Dan wurdt besjoen oft it wurkjen mei de motoaren foldocht. Is dat sa dan geane Ambulancezorg Fryslân en Kijlstra Ambulancegroep dermei troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)