Ambulânseminsken helpe plysje

19 des 2010 - 15:06

Yn Drachten koe de plysje sneon in man (19) út Sigerswâld oanhâlde mei help fan ambulânsemeiwurkers. Plysje en ambulânse wiene nei it Noarderein roppen fanwege in fjochtpartij. De dieder hie him ferstoppe. Neidat meiwurkers fan de ambulânse it slachtoffer (17) holpen, koene sy de plysje helpe om de dieder te finen.

De jonge besocht út te naaien op in scooter, mar koe dochs oanhâlden wurde. Hy hie ek hasj en inkelde wikkels mei speed by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)