Ambulânseminsken bedrige

28 nov 2009 - 12:06
  • It barde op dizze lokaasje op 'e Gordyk

Twa ambulânsemeiwurkers binne freedtemacht op 'e Gordyk slim bedrige troch twa Grinzer manlju. Dy hiene in ambulânse komme litten, mar it wie net nedich dat de pasjint nei it sikehûs brocht waard. De manlju woene doe dat se mei de ambulânse nei Winschoten brocht waarden.

Doe't sein waard dat dat net koe, waarden se agressyf en smieten mei bierflessen. De plysje waard der by roppen en dy hie hâlden en kearen om de manlju mei te krijen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)