Ambulânsekamera´s gjin effekt?

15 sep 2008 - 11:46

It is mar de fraach oft de kamera´s dy´t minister Ter_Horst op ambulânses ynstallearje wol ek effekt hawwe. Dat seit direkteur Sietze_Kijlstra fan de Fryske ambulânseferfierder mei dyselde namme. Ter_Horst wol in proef hâlde mei kamera´s op ambulânses om it geweld tsjin personiel fan de ambulânses te ferminderjen.

Neffens Kijlstra spilet in grut diel fan it geweld him lykwols net by de ambulânses ôf. Hy sjocht mear yn foarljochting om geweld foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)