Ambulânseboat dizze simmer op it wetter by Heech

24 jun 2015 - 11:41

Njonken Snits hat Heech no ek in ambulânseboat. De boat is oant ein oktober beskikber foar kalamiteiten op it wetter. It giet yn Heech om in proef. De ambulânseboat is direkt beskikber foar insidinten op it wetter en kin gau te plak wêze. De boat hat twa professionele ambulânsebroeders oan board en in frijwilliger dy't de boat bestjoerd.

De ambulânseboat is eigendom fan de RAV Fryslân en Antonius Zorggroep Snits. Der is foar Heech keazen, omdat dit plak sintraal leit yn it wettergebiet yn de súdwesthoeke fan de provinsje.

De alarmearring rint fia de meldkeamer yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)