Ambulânse útbaarnd yn Gytsjerk

04 nov 2003 - 00:00

Yn Gytsjerk is moandeitenacht in ambulânse ôfbaarnd. De auto soe yn it doarp in pasjint ophelje, mar fleach troch noch ûnbekende oarsaak yn de Waling Dykstrastrjite yn 'e brân.

De brânwacht fan Gytsjerk hat it fjoer útmakke. In suerstofflesse yn de auto moast wiethâlden wurde fanwege ûntploffingsgefaar. Gjinien rekke ferwûne by de brân. De pasjint is mei in oare ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)