Ambulânse Kylstra nei Haïty

03 maaie 2010 - 12:33

In ambulânse fan Kylstra giet tiisdei op transport nei Haïty. Kylstra donearret de ambulânse oan in bernesikehûs yn Port au Prince. De sikewein wurdt folladen mei kreampakketten en ortopedyske helpmiddels. Dy binne ynsammele troch soarchfersekerder De Friesland en de sikehuzen fan Snits en Meppel.

Ek it transport nei Haïty wurdt troch sponsors opbrocht. Yn it bernesikehûs wurde 120 bern ferpleegd dy't siik binne troch hiv, tbc en kanker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)