Ambulânse foar swiere minsken

24 sep 2007 - 15:15
  • De nije ambulânse fan binnen ...
  • .... en fan bûten

Ljouwert krijt in ambulânse foar minsken dy't te swier binne. Dy moat der foar soargje dat it personiel net te swier hoecht te tillen. De brancards geane mei in liftsysteem de ambulânse yn. Minsken dy't te swier binne, wurde no mei ferhúsweinen of branwachtauto's ferfierd.

De nije sike-auto is nedich omdat minsken hieltyd dikker wurde. De wein is bedoeld foar minsken mei in gewicht fan 120 kilo of mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)