Ambulânse efterfolge nei Grins

27 apr 2009 - 16:59
  • Sjauffeur Ferry vd Velde

In sike-auto dy't sneintenacht yn sân hasten in pasjint nei it sikehûs yn Grins ferfierde, is lestich fallen troch in groepke minsken yn in auto. De ambulânse wie mei 180 km de oere fan Easterwâlde ûnderweis nei Grins en waard fan Drachten ôf efterfolge troch de auto.

De bestjoerder (19) ried mei deselde faasje efter de sike-auto oan. De sjauffeur naam fia de meldkeamer kontakt op mei de Grinzer plysje en dy koe de efterfolgers yn Grins oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)