Ambulancepost Sint Anne klear

23 maaie 2005 - 12:51

De nije ambulancepost yn Sint Anne wurdt sneon iepene. Mei de post moat better oan de oanriidtiid foldien wurde kinne. Yn noardwest-Fryslân binne ambulances geregeld langer ûnderweis as de fyftjin minuten dy't der wetlik foar stean.

De post krijt de beskikking oer in nij type ambulance, ûnder oare ûntwikkele troch Visser Carrosserie yn Ljouwert. At de ambulance goed befalt wurdt er ek op oare plakken yn Nederlân ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)