Ambassadeurs op wurkbesite

24 feb 2009 - 11:33

Sân Nederlânske ambassadeurs en in konsul-generaal binne fan woansdei oant en mei freed op besite yn Noard-Nederlân. It selskip komt út Sweden, Denemarken, Finlân, Noarwegen, Estlân, Litouwen, Letlân en Sint Petersburch.

Se sille ûnder oare nei de haven fan Harns en proefbuorkerij Nij Bosmazathe yn Boksum. De ambassadeurs binne útnoege troch it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN). Doel is om se de ekonomyske ûntwikkelingen yn Noard-Nederlân sjen te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)