Ambassadeurs Ljouwert beëdige

19 sep 2007 - 06:35
  • In tal fan de ambassadeurs op it bordes (foto Hoge Noorden)

Sân bekende Ljouwerters sille yn de takomst har kwaliteiten en netwurk ynsette om de haadstêd posityf yn byld te bringen. Tiisdei binne fjouwer offisjeel ynstallearre as ambassadeurs fan Ljouwert.

Under mear sportferslachjouwer Wilfred_Genee en MCL-direkteur Wander_Blaauw krigen in oarkonde en in spjeldsje fan loko-boargemaster Marga_Waanders. Geert_Dales hat him ek as ambassadeur beskikber steld, mar hy wie der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)