Ambachtlike merk yn Appelskea

12 jun 2006 - 09:34

De 'Historische Vereniging Appelscha e.o.' bestiet fiif jier en dat waard dit wykein fierd mei in ambachtlike merk by de Hoolten Klinte. Dat is it multyfunksjonele gebou fan de feriening. It giet goed mei de klub.

Dy telt al 800 leden en organisearret in soad op histoarysk en kultureel mêd. Ek dit wykein. De minsken seagen in hynder dat beammen út de bosk sleepte, breidzjende froulju, in klompmakker, in skjirreslyp en mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)