Amazones 'Helden van Nederland'

24 des 2006 - 11:20

De seis amazones dy't de hynders fan de dobbe yn it Noarderleech helle ha, binne útroppen ta 'Helden van Nederland'. Fia it programma 'Hart van Nederland' en de Telegraaf koene minsken har stim útbringe op in held.

Sneon krigen de amazones in grutte beker. Dy ha se oan Piet_Loatsma jûn, de eigner fan de hynders. De hynders stiene begjin novimber dagenlang ynsletten op in dobbe troch it hege wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)