Amazoanes 'Helden van 2006'

26 des 2006 - 10:20

De seis hynsterydsters dy't de hynders fan de dobbe yn it Noarderleech helle ha, binne útroppen ta 'Helden van Nederland'. Fia it programma 'Hart van Nederland' en de Telegraaf koene minsken har stim útbringe op in held. De froulju ha de priis daliks trochjûn oan Lootsma, de eigner fan de hynders.

Se hiene konkurrinsje fan ûnder oare in man dy't in bejaarde frou út it wetter rêden hat en in man dy't in jonkje út in brânend hûs helle hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)