Amateurs ynhiere goedkeaper

05 aug 2004 - 13:32

It wurdt yn de takomst makliker foar profklubs om amateurs út te probearjen yn de kompetysje. Dat is it gefolch fan in beslút fan fuotbalbûn KNVB. Profklubs moasten oant no ta, as se in amateur debutearje lieten, mear as 11.000 euro betelje oan de feriening dêr't dy amateur wei kaam.

Yn de takomst meie se de amateur fiif wedstriden probearje foardat se betelje moatte. En it bedrach dat se dêrnei kwyt binne, giet in stik nei ûnderen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)