Amateurs yn Cambuur-stadion

22 aug 2003 - 00:00

De earste alvetallen fan de fuotbalferienings fan Koatstertille en Bûtenpost spylje sneon de earste rûnde fan de amateur-bekerkompetysje yn it Cambuur-stadion yn Ljouwert. Yn Achtkarspelen mei fanwege de droechte op gjin inkeld fjild spile wurde.

Cambuur wol it nije keunstgersfjild wol foar in pear oerkes ôfstean oan de amateursferienings. De earste rûnde fan de bekerkompetysje kin sa dochs trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)