Amalia hat nije mem

08 maaie 2004 - 00:00

It fôltsje Amalia hat in nije mem. Eigner Jippe Burmania die sneon in oprop om in merje te finen dy't de fôle as eigen oannimme woe. Mem Maxima woe neat fan it bistke witte en ferstjitte it. Burmania hat no in merje fûn dy't freedtenacht in deade fôle krigen ha. It tafal wol dat it in Argentijnsk hynder is.

Prinses Máxima hat op har yntroduksjereis troch Fryslân de merje mei har namme ek noch sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)