Alyda Norbruis nominearre as atlete fan de moanne

02 apr 2015 - 14:17
  • Alyda Norbruis (argyffoto)

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp is nominearre foar de Allianz Athlete of the Month Award foar de moanne maart. De útferkiezing is in inisjatyf fan it ynternasjonale paralympysk komitee. Norbruis helle ferline wike trije gouden medaljes op it WK baanhurdfytsen foar sporters mei in beheining. Ek ried se in wrâldrekôr op de 500 meter.

Njonken Norbruis binne skiërs út Frankryk en Nij-Seelân, in tafeltenniser út Oekraïne, in swimster út Grut-Brittannië en in gewichtheffer út Egypte nominearre. Stimme kin oant nije wike tongersdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)