Alyda Norbruis huldige

11 sep 2012 - 12:14
  • Huldiging Paralympicssporters yn Den Haag

Yn Den Haach is tiisdei de Paralympyske-medaljewinneres Alyda Norbruis fan Oerterp huldige. De hurdfytster helle op de Paralympyske Spelen yn Londen in sulveren medalje. Premier Rutte ûntfûng de sporters yn de Grutte Tsjerke yn de Hofstêd. Nei syn taspraak kaam ûnder oare ek minister Edith Schippers fan folkssûnens, wolwêzen en sport oan it wurd. Der wiene mei-inoar 39 medaljewinners.

Yn desimber is der noch in huldiging foar alle sporters op in spesjale dei by de Keninginne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)