Alwer ynbraak by juwelier Copini

17 des 2002 - 00:00

By juwelierssaak Copini yn Ljouwert is moandeitenacht foar de 28e kear ynbrutsen. De dieders kamen binnen troch de achterdoar fan de winkel yn it winkelsintrum Bilgaard te rammen mei in auto. Se ha neat stellen, mar foar eigner Copini is de emosjonele skea grut.

De plysje hat de wein al fûn. De bestjoerder draafde fuort doe't de auto oantroffen waard. De plysje ken de man en siket noch fierder nei him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)