Alwer grutte sâltkrapte

10 feb 2010 - 20:55
  • Gemeenten binne sunich mei struisâlt

By de measte Fryske gemeenten is alwer grutte krapte oan struisâlt. De gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel krije gjin nij sâlt mear fan sâltfabryk Frisia. Der is noch foar 5 oant 10 dagen sâlt.

Ek oare gemeenten lykas Littenseradiel, Nijefurd, Snits en Achtkarspelen hawwe te krijen mei krapte. Troch allinne haadrûtes te struien moat foarkaam wurde dat it sâlt opnij oprekket. Yn Frjentsjer wurdt no en dan ek mei sân struid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)