Alvestêdetocht tsien jier ferlyn

04 jan 2007 - 16:01

Yn it Reedridersmuseum yn Hylpen waard tongersdei fierd dat it tsien jier ferlyn is dat de lêste Alvestêdetocht wie. Der wie in feestlike reuny, organisearre troch de sponsor fan de winner fan 1997 Henk_Angenent.

De reuny mei de sportkorifeeën luts in soad parse. Winnares by de froulju Klasina_Seinstra wie der ek. De Tocht mei dan wol 10 jier ferlyn wêze, de winter is mei in temperatuer fan plus 10 graden noch fier fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)