Alvestêdetocht op wetterfyts

14 aug 2012 - 17:20
  • Cor Goettsch op de wetterfyts

De 60-jierrige Cor Goettsch út Zorgvlied docht de Alvestêdetocht op de wetterfyts. Hy is in pear wiken ferlyn fan start gongen yn Burdaard, mar is noch mar op de helte. Ferskate freonen en kunde fytse in stikje mei op syn giele wetterfyts.

Goettsch sjocht wol in bytsje tsjin de klaairûte oan. Dêr sil de wetterfyts sa no en dan út it wetter tild wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)