Alvestêdetocht op scootmobyl

13 maaie 2009 - 22:51
  • Aansen ek scootmobyltsjillen by Alvestêdekuiertocht

Foar it earst meie dit jier in tal scootmobylriders meidwaan oan de Alvestêdekuiertocht. It giet om in proef fan Dokkum nei Ljouwert mei fiif riders. De proef is op fersyk fan it Nasjonale Aldereinbûn.

Mei de proef wurdt besjoen oft it helber is foar scootmobylriders om oan de Alvestêdetocht mei te dwaan. Takom wike tiisdei begjint de Alvestêdetocht foar kuierders. Der dogge dit jier 800 minsken mei oan de fiifdaagse en ek nochris 450 oan de deiôfstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)