Alvestêdetocht op keunstiis

12 nov 2013 - 12:49
  • Alvestêden krúske

Der moat op 1 febrewaris 2018 in alvestêdetocht op keunstiis komme. Dat soe in moai begjin wêze fan Ljouwert Kulturele Haadstêd. De steatefraksje fan de PVV ropt it provinsjebestjoer op it idee foar in tocht op keunstiis fierder út te wurkjen. De partij krige fan de Technyske Universiteit fan Delft te hearren dat in alvestêdetocht oer 200 kilometer keunstiis mooglik is.

Woansdei bringt de PVV it idee yn by de kommisjegearkomste oer it sportbelied fan de kommende jierren. Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën hat noch gjin sicht op de kosten.

\

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)