Alvestêdetocht op eigen risiko

16 des 2006 - 12:31

Riders dy't meidogge oan de Alvestêdetocht dogge dat tenei op eigen risiko. De feriening Fryske Alvestêden kin net mear ferantwurdlik holden wurde foar riders dy't in ûngemak krije.

Dat beslút waard freedtejûn naam op de jierlikse ledegearkomste fan de feriening. Oanlieding foar it beslút is ûnder oare de kuierfjouwerdaachse fan Nijmegen. Dêrby foelen ôfrûne simmer fjouwer deaden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)