'Alvestêdetocht oer 6 dagen'

22 des 2010 - 07:58
  • Meteoconsult foarseit in Alvestêdetocht oer seis dagen

As alle Friezen it iis sniefrij hâlde, dan kin takom wike in Alvestêdetocht hâlden wurde. Dat melde de nijswebside NU.nl. Yn it artikel wurdt ferwiisd nei in útspraak fan direkteur Harry Otten fan Meteoconsult.

Neffens Otten binne der de kommende tiid genôch kâlde nachten. Iennichste probleem is de snie dy't eventueel falt. Dat isolearret, wêrtroch it iis net goed groeie kin. Otten hâldt it op 28 desimber. Neffens Piet Paulusma komt Otten te betiid mei dit nijs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)