Alvestêdetocht mei seekano's

26 aug 2007 - 15:54
  • Byld fan de kano-alvestêdetocht
  • De dielnimmers oan de tocht

In groep fan 22 kanoërs hat dit wykein de fyfde nonstop alvestêdetocht mei seekano's ôflein. De kanoërs binne fan feriening 'Onder de Wadden'. Har útdaging wie om binnen 36 oeren it 206 kilometer lange trajekt lâns de Fryske alve stêden ôf te lizzen.

Se moasten sneon foar 21.00 oere de einstreek yn Frjentsjer berikke. Dat is slagge, de lêste groep kaam binnen om 18.53 oere en hat dêrmei de tocht yn 33 oeren en 53 minuten folbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)