Alvestêdetocht fan 1985 wer op televyzje

18 feb 2015 - 22:02
  • Alvestêdekrúske

De publike omrop stjoert no sneon de 13-oeren duorjende útstjoering oer de Alvestêdetocht fan 1985 út. 30 jier nei dato bringt de NPO de tocht op 'e nij op tillevyzje. Evert van Benthem mocht him doe nei 6 oeren en 47 minuten ta winner fan de Tocht der Tochten kroane litte.

De útstjoering is te besjen op it temakanaal NPO Best, dat spesjaal foar dizze gelegenheid ek beskikber is foar minsken dy't gjin abonnemint hawwe op dit kanaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)