Alvestêdetocht boaten begûn

25 jul 2011 - 16:34

Hûnderten motorboaten, sloepen en kano's farre dizze wike fan stêd nei stêd oer it Fryske wetter. Se binne moandei begûn oan de 22ste Alvestêdetocht te wetter. Fan de Prinsetún yn Ljouwert farre se de earste etappe nei Drylts.

Doel fan it evenemint is om dielnimmers it Fryske wetter sjen te litten. It grutste part fan de dielnimmers komt bûten Fryslân wei. De faralvestêdetocht wurdt om de trije jier hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)