Alvestêderûte hast befarber

03 maaie 2010 - 21:27
  • De stjoergroep ûndertekenet de oerienkomst
  • De Blikfeart, ûnderdiel fan de rûte

Oer trije jier is de hiele noardlike Alvestêdefarrûte befarber. De stjoergroep dy't him dêrmei dwaande hâldt hat koartlyn in oerienkomst sletten. Dêr binne ôfspraken yn fêstlein oer it ferbreedzjen fan farwegen en it realisearjen fan oanfoljende natuermaatregels.

Mei de ôfspraken is ek de finansiering klear. It hiele projekt kostet goed 28 miljoen euro. It grutste part komt út it Waadfûns, mar ek de seis gemeenten, de provinsje en it wetterskip betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)