Alvestêderûte al riden

13 des 2002 - 00:00

Anne Tjerkstra en Henk Boersma ha freed de Alvestêdetocht al riden. De twa bûnen freedtemoarn om fiif oere de redens ûnder yn Ljouwert. Sawat tolve oeren letter kamen se oan op de Bonkefeart.

De plysje warskôget oars noch altiten foar swak iis. By Grou binne freed fjouwer minsken út it wetter fiske. Benammen op de grutte wetters is it iis noch altiten libbensgefaarlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)