Alvestêdekuier-finish sneon

11 maaie 2002 - 00:00

In lytse 800 kuierders hawwe sneon de 56ste alvestêdekuiertocht folbrocht. De kuierders finishten nei 207 kilometer by it startplak, skouboarch de Harmonie yn Ljouwert.

De kuierders rûnen de tocht yn fjouwer dagen, mar it wie dit jier ek mooglik om de tocht op ien dei te dwaan. Dat is de organisaasje sa goed befallen, dat der mear iendaagse tochten komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)