'Alvestêdeheskes te waarm'

14 des 2013 - 16:36
  • Gearkomste fan de Feriening De Fryske Alve Stêden yn Ljouwert

Leden fan de Alvestêdeferiening binne net bliid mei de heskes dy't se eventueel by de tocht oan hawwe moatte. Dat waard freed dúdlik op de jiergearkomste fan de feriening. Guonts binne benaud dat se mei de heskes te waarm wurde ûnder it riden. It bestjoer wol de heskes brûke om de beteljende riders fan swartriders te ûnderskieden.

Takom jier sil it bestjoer ek sjen nei wa't de tocht al of net ride mei. Mooglik wurde de regels sa't dy no jilde mei it startrjocht feroare.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)