Alvestêdefytser bestellen

24 maaie 2010 - 13:06

De Alvestêdefytsers hiene dit jier net in maklike tocht. Der stie in hurde noardwestewyn. Dat makke benammen it lêste ein dreech. Moarns wiene der in soad fytsers mei materiaalpech.

Ien fan dielnimmers fan de tocht is yn Ljouwert fan syn fyts bestellen. De man hold in stop om even masseard te wurden en hie de fyts oan de kant set. De nagelnije Specialized-fyts hat in wearde fan 2000 euro. De fytser hat oanjefte dien en ried de tocht op in liende fyts út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)