Alvestêdeferiening nimt maatregels tsjin terrorisme

12 des 2015 - 13:03
  • De finish fan de Alvestêdetocht oan de Bonkefeart by Ljouwert

De organisaasje fan de Alvestêdetocht moat rekken hâlde mei in mooglike terroristyske oanslach en hat dêrom hjir ôfspraken oer makke mei de plysje. By in Alvestêdetocht binne oardel miljoen minsken yn Fryslân en dan binne sokke ôfspraken nedich neffens Wiebe Wieling fan De Friesche Elf Steden. Wat dy ôfspraken binne, kin en wol er net sizze.

De leden fan de feriening binne sneon by elkoar foar de algemiene ledegearkomste. Op de wurklist is ek praat oer in nije startproseduere. Alle leden dy't fan 1 juny 2014 ôf lid binne, kinne starte.

Op de gearkomste waard ek dúdlik dat it net sa hurd giet mei it stribjen fan de feriening op de Unescolist te kommen foar ymmaterieel erfgoed. De proseduere is noch net ôfrûn. It bestjoer freget him no wol ôf oft sy dit trochsette moatte. Foaral omdat der no saken op de list komme lykas sjerpwafelbakkers. It bestjoer twifelet oft in Alvestêdetocht dêr noch wol tusken past.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)