'Alvestêdefarrûte 2011 klear'

26 aug 2009 - 09:47

De Noardelike Alvestêdefarrûte kin al ein 2011 klear wêze. Dat seit wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert.

Omdat it Waadfûns goed 11 miljoen euro beskikber steld hat, kin it útdjipjen en ferbreedzjen fan 'e farrûte yn it Noarden fan Fryslân nei foaren helle wurde. It doel is om it de farrûte geskikt te meitsjen foar boaten fan 2,50 meter heech en in fardjipte fan maksimaal 1,30 meter. Alle seis gemeenten moatte dêr sels ek jild foar beskikber stelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)