Alvestêdebrechje fernijd

19 apr 2012 - 16:31

It Alvestêdebrechje fan Bartlehiem is tongersdei weromset op syn plak oer de Feinsumerfeart. Alle hout op it bekende heechhout moast ferfongen wurde. Allinnich de stielkonstruksje koe behâlden wurde.

Nije wike wurde de leuningen pleatst. It wurk dat allegear yn Bartlehiem sels útfierd waard, hat dan in wike of trije duorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)