Alves is wurch

25 aug 2007 - 20:18

Hearrenfean-spiler Afonso Alves wie sneontemoarn net op de training, omdat it him allegear te folle wurdt. Dat hat Yme Kuiper fan de Sportklub Hearrenfean te hearren krigen fan de saakwaarnimmer fan Alves. Neffens Kuiper is Alves noch hieltyd wurch en koe hy it net opbringe om te trainen.

Moandei hat Hearrenfean wer in petear. Dan is Alves der sels ek by. Of Alves snein tsjin Ajax op de bank sit, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)