Alves wer op It Hearrenfean

20 sep 2007 - 15:37
  • Alves is werom op it âlde stee

Fuotballer Afonso Alves is wer op It Hearrenfean. De Braziliaanske spits fan sportclub Hearrenfean kaam tongersdei oan op Schiphol út Brazilië wei. Freed stiet in petear mei Alves en de clublieding op it program. Fierdere meidielings wurde op dit stuit net dien.

It is net bekend oft Alves tongersdeitejûn yn it stadion sitte sil by de UEFAcup-wedstriid tsjin it Sweedske Helsingborgs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)