Alves sjit Hearrenfean nei winst

29 nov 2006 - 22:12

Afonso Alves wie woansdei de grutte man by Hearrenfean yn de kompetysje wedstryd yn Arnhem tsjin Vitesse. Der waard wûn mei 1-3.

De Braziliaan scoorde alle trije de doelpunten foar de Friezen. Yn it skoft stie Hearrenfean noch achter troch in doelpunt fan Fred Benson. Alves is troch de suvere hattrick no ek topskoarder yn de earedivyzje mei 14 doelpunten. Troch de oerwinning stiet Hearrenfean wer op it 7de plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)