Alves nei SC Hearrenfean

15 jun 2006 - 07:02

SC Hearrenfean hat de Braziliaan Afonso Alves fêstlein. De club en de oanfallende middenfjilder ha oerienstimming oer in kontrakt foar fiif jier. Alves is de djoerste oankeap yn de skiednis fan de Feanster club. Hoe djoer krekt, wol de club net fertelle. Nei ferwachting komt er dizze wike om in kontrakt te tekenjen.

Alves spilet no by Malmö. Hy is 25 jier en spile yn 4 jier 90 duels yn Sweden. Dêryn skoarde er 52 kear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)