Alves nei finale Copa America

11 jul 2007 - 10:25

Afonso Alves hat mei Brazilie de finale fan de Copa America helle. Yn de heale finale waard nei strafskoppen fan Uruguay wûn. De spits fan Hearrenfean miste lykwols sels syn strafskop. Alves skeat op de peal.

Alves wie tsien minuten foar tiid yn it fjild kaam, mar doe wie de stân al 2-2. De tsjinstanner fan Brazilie yn de finale is noch net bekend. De oare heale finale giet tusken Argentinie en Meksiko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)