Alves moat mei bewizen komme

30 jan 2008 - 20:39
  • Afonso Alves op de sitting fan de arbitraazjesaak, earder dizze wike

Spits Afonso Alves moat sels oantoane dat er in foarbehâld makke hat doe't er in hanteken sette ûnder in ferbyntenis mei fuotbalclub AZ. Dat is it tuskenfûnis fan de arbitraazjesaak dy't spilet tusken AZ en Alves.

Alves hat fjouwer wiken de tiid krigen om mei bewizen te kommen. Dêrtroch liket it derop dat er foarearst net by Hearrenfean weigiet. Alle partijen hawwe noch wol de mooglikheid om de saak ûnderling te skikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)