Alves mist parse-presintaasje

30 jul 2007 - 12:08
  • Alves mist offisjele presintaasje sc Hearrenfean

Spits Afonso Alves is moandei ôfwêzich by de offisjele presintaasje fan it earste tiim foar it kommende seizoen. De fuotballer is op it stuit noch yn syn heitelân Brazilië. Alves hie earder tasein dat er hjoed komme soe, mar hy komt no tongersdei. De topskoarer is ek net ynsetber by de oefenwedstriid tsjin West Bromwich Albion fan it kommende wykein.

Alves wie de ôfrûne wike yn Brazilië noch belutsen by in auto-ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)