Alves mist 'it goeie gefoel'

31 okt 2013 - 15:34
  • Afonso Alves

De Braziliaanske fuotballer Afonso Alves hat noch net 'it goeie gefoel' oer in mooglike rentree by SC Hearrenfean. Alves makke dat tongersdei bekend oan âld-foarsitter Riemer van der Velde. Alves mei 'folslein frijbliuwend' meitraine by de beloften. By goeie prestaasjes soe de âld-ynternasjonal trochstreame kinne nei it earste alvetal en in kontrakt fertsjinje kinne.

Alves gie yn earste ynstânsje akkoart, mar liet de kluplieding witte dat er noch efkes neitinke wol oer it oanbod. Ynterim-direkteur Sporre stiet folslein achter dizze oanpak.

Wa't by Hearrenfean in kontrakt hawwe wol, moat soks dûbeld en dwers fertsjinje, liet Sporre witte. Hearrenfean kin gjin kontraktuële ferplichtings oangean op basis fan goeie prestaasjes yn it ferline. Dy prestaasjes lige der fansels net om, want yn it seizoen 2007/2008 skoarde Alves 34 kear foar Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)