Alves krijt gjin punten mear

18 sep 2007 - 08:39
  • bale foar Afonso Alves

Hearrenfean-spits Afonso Alves wurdt net mear beoardield foar it klassemint fan fuotballer fan it jier fan De Telegraaf. Neffens sjef-rapporteur Dick Schneider hat Alves him respektleas gedroegen tsjinoer de fuotballerij.

Alves waard yn it seizoen 2006/2007 útroppen ta fuotballer fan it jier. By de útrikking fan dy priis kaam hy net opdaagjen. Dit seizoen hat hy noch gjin wedstryd spile foar Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)