Alves hoecht net te beteljen

24 jul 2008 - 12:36
  • Alves hoecht AZ neat te beteljen

Fuotballer Afonso Alves hoecht gjin fergoeding te beteljen oan AZ. Dat hat de arbitraazjekommisje fan de KNVB woansdei bepaald. AZ hie in saak tsjin Alves oanspand omdat de Brazyljaan yn desimber 2007, foar syn oergong fan SC Hearrenfean nei de Ingelske club Middlesbrough, in kontrakt by de Alkmaarders tekene hie.

De KNVB fynt dat der gjin sprake wie fan in rjochtsjildige oerienkomst tusken AZ en Alves en dêrom hoecht de Brazyljaan neat te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)