Alves hat him net melden

02 aug 2007 - 15:50
  • Afonso Alves (foto: Martin de Jong)

Afonso Alves hat him tongersdei net melden by SC Hearrenfean. De oanfaller moast him melde, mar hat neat fan him hearre litten. It is de fuotbalklub net slagge om kontakt mei de Braziliaan te krijen. It is ûndúdlik wannear't er weromkomt.

Alves wie noch yn Brazilië mei fakânsje en mocht langer bliuwe om't er in auto-ûngelok hân hie. Hy moast dêr noch wat saken foar ôfhannelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)